Slauerhoff en de betide wegen fan in dichterskip (Diel I)
De jierren tusken 1898 en 1918 hawwe beskiedend west foar Slauerhoff syn ûntjouwing as dichter en skriuwer. Yn syn HBS-tiid yn Ljouwert ûntduts er it wurk fan Rimbaud, Verlaine, Laforgue, Samain, Corbière, Rilke en Gogol. De Jorwerter predikant-skriuwer ds. Cornelis Hille Ris Lambers, waans dochter Heleen de leafde fan syn jeugd wurde soe, brocht him yn ‘e kunde mei Tolstoj. De Fryske literatuer lykwols wie net oan ‘e oarder yn de jierren dat er him foarme as dichter. Wol is der it Fryske lânskip en dan benammen it lege, faak fan rein en wyn tamtearre lân – ‘Het lage land ligt tot den einder kaal’ – dêr’t er letteroan gauris utering mei joech oan syn fan ‘ûnlust’ teheistere libben.
.
I
‘Het lage land ligt tot den einder kaal’
.
Slauerhoff wie de dichter fan it sizzen ‘In Nederland kan ik niet leven’, mar yn Fryslân koe er dat allikemin. Ljouwert, dêr’t er in grutte ôfkear fan hie, neamde er ‘een stad zonder attracties’. Likefolle tsjinnichheid wie der fan it lytsboargerlike Nederlân. ‘In Nederland wil ik niet blijven, / Ik zou dichtgroeien en verstijven.’ Inkeld foar Flylân, it eilân fan syn mem dêr’t er in grut part fan syn bernetiid op skoalle gie, en foar de pastorij fan Jorwert hold er in swak. It wiene de plakken fan syn jeugd dy’t djip yn himsels ferankere leine.
Yn Nederlân
Yn Nederlân wol ik net toevje
En altyd mar myn lusten delskroevje,
Omwille fan sy, de froeden, nêst jin
Dy’t húnjend jin stean oan te sjen.
Leaver jou ik my del yn de steppe,
Net steurd fan soksoarte fan skepsels:
Om it gebalt fan myn lust sil gjin reager reppe,
Gjin foks hurder hekse.
Yn Nederlân wol ik net stjerre,
En yn de wiete grûn bedjerre
Dêr’t men him nea net úttjirget.
Better is it te swalkjen, hjirre
by de nomaden te bedarjen.
Myn lânslju lasterje my: ‘Mei him is ’t misgien’
Nee, net langer koe’k har narje,
Dat hat my myn frijheid gauris sear dien.
Yn Nederlân kin ik net toevje,
Men moat oaren der steeds oertroevje,
Tinke om it wolwêzen fan jins neisten.
Inkeld temûk mei men spotlaitsje,
Mar gjin troanje hompe dat it bliedt,
Inkeld om’t dat smoel my net oanstiet.
Ien tamtearje sûnder reden
Tsjûget fan tucht’leaze seden.
Ik wol net libje yn smelle wenten,
Dy lilkens yn doarpen en wiken
Yn tûzenfâld dêr delskiten…
Dêr kuieret elk mei de board strak
Net om skjintme, mar inkeld om sjen te
Litten dat men wit dat it sa moat –
Sneins om elkoarren te groetsjen
De strjitten troch yn swarte stoeten.
Yn Nederlân wol ik net bliuwe,
Ik soe der grou en ticht wurde, leau ik,
It giet my dêr te netsjes, te kalm,
Men sangeret mar, wurdt nea oerallich,
En dûnset nea op it sloppe koard’.
Wa’t warleas is wurdt slein en skout.
Nea wurdt sa’n pûstige boerekop ôfhout,
En nea, nee nea bart in knappe passymoard.
Yn de lêste klasse fan syn HBS-tiid yn Ljouwert kaam er foar it earst oer ‘e flier by ds. Cornelis Hille Ris Lambers, dy’t fan 1907 oant 1927 ferbûn wie oan de Herfoarme Gemeente fan Jorwert De dochters Annie en Heleen – se sieten in pear HBS-klassen leger – hie er kennen leard by in deike silen, tegearre mei wat skoalmaten op ‘e Pikmar by Grou. Heleen Hille Ris Lambers skreau letter dat ‘Jan van toen af veel naar de pastorie in Jorwerd kwam. Hij bleef dikwijls logeeren, en vond het drukke gezin met kinderen prettiger dan thuis, waar hij niet gelukkig was.’
Slauerhoff hold it ynearsten mei Annie Hille Ris Lambers, mar begûn eins tagelyk ek oan in ferhâlding mei har suster Heleen, in relaasje dy’t mei in tal ûnderbrekkings in libben lang duorje soe. Se bleau in libben oanien syn Muze. Gedichten as Pastorale, De terugkeer, De gouvernante en Voor de verre prinses binne skreaun, mei har byld foar eagen.
PASTORALE
Ik wit it: net oars as dizze snein,
Weemoedich tewekker fan wyn troch rein,
Wit se it paad nei lok ferflein,
En wylst de moarntiid amper eint
Lêst se by ’t raam.
Om tsienen is ’t tsjerketiid.
Se slacht in doek om, en giet
Stadich, de eagen foardel
It koartste paad nei tsjerke del:
Har hôf leit neist it tsjerkhôf.
Har heit sprekt syn Amen.
Wer rint se yn it tún
Bylâns smelle, swarte paden.
En húv’ret. Troch de tinne gewaden
skuort de wyn. Har liif belage
troch it blommepún.
Oars gjin útwei as in kuier, middeis
De greiden troch; wol immen moetsje,
De kloftsjende boeren, dy’t har groetsje,
al knikkend, sedich en alwiis
De dochter fan har harder.
Jûns sit se by har âlden op, is stil,
har mem opbrûkt, har heit steech.
Se tinkt nei oer hoe’t it fierder gean sil,
Lûkt har de skouders heech,
Har boarsten, triljend, ien tel.
Letter, yn ’e lege sliepromte,
Docht se it hier foar in spegel yn ’t donker,
Ferklaait har, ferwikselet
dei- en nachtklean op de heaken.
Even is hja neaken,
En leaut earne in feale kramp
Te fielen; ’t is niks en
Del skroeft hja de lamp’.
Op de Jorwerter pastorij, fier fuort fan it ‘duffe en stugge ouderlijke huis’, waard praten en peteare oer saken as it spiritisme, it wurk fan Tolstoj en Frederik van Eeden – de lêste hold yn ‘e hjerst fan 1915 in lêzing yn Ljouwert foar krapoan tûzen minsken dêr’t ek Slauerhoff by wie – de Sineeske filosofy en tal fan oare, de literatuer oanbelangjende saken.
Hij bleef dikwijls logeeren, en vond het drukke gezin met kinderen prettiger dan thuis, waar hij niet gelukkig was.’
Tusken de Jorwerter bedriuwen troch waard der in kuierke oer it tsjerkhôf dien om, sis mar, oer alle grêven hinne de geasten fan de earderen te ferstean. Allyksa stapte er ek gauris op it it begraafplak oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert om, it hôf dêr’t syn lytse broer Gustaaf Andries begroeven lei en dêr’t er yn lettere dagen omhong mei kollega-dichters as Hendrik de Vries.
‘Hoeveel van zijn eerste verzen zullen ontstaan zijn op het lage, drassige kerkhof bij Leeuwarden,’ frege Hendrik de Vries letteroan. ‘Ik herinner mij hoe, bij regenachtig weer, hij mij afhaalde van het station, en zonder omweg daarheen leidde, met een innemende vertrouwelijkheid; we toefden daar samen als in een eigen wereld. Vaak heb ik het gevoel alsof, ondanks alle kosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven’.
De Jorwerter biblioteek
Op ‘e sneup yn de Jorwerter biblioteek fûn er ûnder mear poëzy fan de Frânske dichter Albert Samain (1958-1900), waans bondels Au Jardin de l’Infante (1893) en Le Chariot d’or him mear as meinimme koe. ‘De overeenstemming van zijn eerse liefdesgevoelens met het geluksideaal van Samain,’ stelt Wim Hazeu yn syn Slauerhoff-biografy, ‘daagde hem uit om elf gedichten te vertalen, waarvan hij er slechts drie publiceerde in Het Getij (december 1921). Ien derfan, ‘Nèére’, in fers oer de troch Satyr begnúfde wetternimf, waard opnommen yn de bondel Eerste Verzen.
De koele morgenwind brengt het gebloemte aan ’t trillen.
Néère, naakt en blank, moet schateren en rillen,
Aan de’ oever, telkenkeer dat zij met sneeuwen voet
Breekt door het broos kristal van den vertrouwden vloed,
Terwijl, niet ver van daar, Satyr haar jeugd bespiedt.
Hij houdt zijn adem in en pijpt niet meer zijn lied;
En ’t kind welks prille vleesch nog niet leed ’t pijnlijk wonder,
Dat in haar onschuld gaat als in een kleed, ook zonder,
Gretig een honigkoek van ‘t sluw boschgodje neemt,
Dat haar in wrangen ruil een kus rooft, lang en vreemd.
De koele moarnstiidswyn lit it blommetún trilje.
Néère, neaken en blank, skatterlaket en rillet,
Op ’e kant, alweroan as se mei snieïge foet
Troch it tear kristal brekt fan de betroude floed,
Wylst, net fier ôf, Satyf, har jonkheid beloert.
Hy hâldt de siken yn en dan is syn liet oer;
En’t bern har leaflik fleis noch net skeind fan ‘t seare wûnder,
It stiet dêr yn har ûnskuld as yn in kleed, ek sûnder,
Happich in hunichstik fan sa’n sluchslimme boskgod nimt,
Dat har yn wrange ruil in tút stelt, lang en frjemd.
Ek yn syn studintetiid – hy wie yn septimber 1916 nei Amsterdam setten foar syn stúdzje medisinen – kaam er noch geregeldwei op Jorwert. Lykwols, troch syn eroatyske aventoerkes yn de haadstêd wist er beide dochters fan de pastorij fan him te ferfrjemdzjen, om mar net te sizzen harren tsjin him yn it harnas te jeien. Jorwert kaam stadichwei achter de kimen te ferdwinen.
It ferlerne lok
Hie er earst Annie ynruile foar Heleen, de lêste ferbruts op har bar ‘de verlooving’, neidat Slauerhoff har te witten dien hie dat ‘hij een maitresse had gehad,’ in saak dy’t se net sette koe. ‘Het waren dingen die in mijn hoofd onmogelijke proporties aannamen en die ik als onrijp dorpskind niet kon verwerken.’ Boppedat twivele se oan Slauerhoff syn sizzen, foar safier’t it al net in smeekjen wie, dat ‘hij door mij een ander mensch zou kunnen worden.’
It trelit wie fan dy gefolgen dat se him – it wie ein 1918 – in brief skreau, ‘een idiote brief, waarvoor ik me nu nog schaam.’ Se liet him witte dat ‘ze wel een moederlijk gevoel tegenover hem had, doch niet genoeg van hem hield om zijn vrouw te kunnen worden. Jan reageerde met een wreed sarcastisch schrijven. We correspondeerden niet meer en zagen elkaar ook niet meer.’
De brek mei Heleen wie ta in hichte it slotstik fan in jeugd yn Fryslân. Slauerhoff, mear as ien kear ferrifele troch syn hing om stikken te meitsjen wat er leafhied – syn wederwaardichheden mei de Jorwerter susters kin eksimplarysk neamd wurde – hie yn it stik fan de leafde der slach fan om froulju earst ‘hemelhoog te vereren / En dan grafdiep te verachten’.
It wie noait goed of yn alle gefallen noait goed genôch. Navenant wie der bytiden – o paradoks – de ûnwennigens, faak yn de foarm fan in bitter weromsjen op dat wat goed west hie, mar yn de blinens fan sinnen fernield waard. Dy spjalt, ynbegrepen de kwelling dy’t dêr mei mank wie, hie alles te krijen mei Slauerhoff syn libbenslange jacht op de dream fan it folsleine gelok. Yn it hjir ferfryske gedicht ‘Herdenken’ krijt dat dualisme op dizze wize syn beslach:
.
Betinke
Dizze winter is ’t kwelde net mear
Net ta in rêsten kaam: troch de beammen
Luts de stoarm, yn net ophâldend streamen
Gong in leger oan reinders tekear.
’t Ljocht hat fan dit lân ôfskie nommen
Mei in lilke bui en komt net werom.
Men tinkt soms oan ’t waarme súdlik blomt’
Dêr’t it lok tahâldt, mar kin net ûntkomme.
En ik fyn, lit bliuwe sa’t it heart:
Grau, sa wurdt yn waarmte moete de dea,
Docht it tinken oan syn komst net sear;
Wol it tinken dat ‘k dyselde dei
In jier lyn mei har yn it blomte lei…
No stiet de ierde op itselde plak,
Mar ’t swurk is hol, de sinne is swak,
En iksels inkeld de skym fan alear.
Herdenken
Dezen winter is ’t gekwelde weer
Niet tot rust gekomen: door de boomen
Trok de storm, in onophoudlijk stroomen
Sloeg het leger van den regen neer.
’t Licht heeft afscheid van het land genomen
In een vale bui en keert niet weer.
Men denkt soms aan een warm zuidlijk meer
Waar ’t geluk woont, maar kan niet ontkomen.
En ik vind dat het zoo blijven moet:
Grauw, zoo wordt de dood met warmte ontmoet,
Doet het denken aan zijn komst geen zeer;
Wel het denken dat denzelfden dag
Voor een jaar aan ’t meer ik bij haar lag…
Nu staat de aarde op dezelfde plek,
Maar ’t azuur is hol, de zon een vlek,
En ikzelf de schim van toen, niet meer.
.
Anne Wadman wol yn syn essay ‘De Rimbaud fan Ljouwert’, opnommen yn de bondel Kritysk konfoai (1951), hawwe dat Fryslân foar Slauerhoff it ferlern gelok fan syn jonkheid wie. ‘Gjin gelok om’t er sa ‘lokkich’ wie yn de wenstige betsjutting fan it wurd (’t Ouderlijk huis was soms zoo duf en stug’), mar ienfâldich om’t it syn jonkheid wie, neat mear, neat minder.’
Lânskippen
De weemoedigens oangeande dit ferlerne paradys, dat fierhinne te krijen hat mei syn dagen op de Jorwerter pastorij – de roots fan Slauerhoff syn dichterskip lizze net allinne op Flylân, dêr’t er in grut part fan syn bernetiid op skoalle siet, mar ek yn Jorwert – dy mankelyk meitsjende stimmingen dus komme yn sublimearre foarm gauris werom yn de lege, fan rein en wyn gisele lânskippen dy’t yn syn poëzy opfierd wurde.
Gedichten as ‘Landelijke liefde’. ‘De profundis’, ‘Na jaren’, ‘Avond’ of ‘Herdenken’ slute oan by wat yn it lêste gedicht fan it twalûk ‘De Terugkeer’ hiel pregnant omskreaun waard as ‘het lage land ligt tot den einder kaal’. Yn it klassike ‘Pastorale’ krijt dat wat foarby en ferlern is dizze strofe mei: ‘Ik weet het: een Zondag als deze, / Gewekt in weemoed van wind door regen, / Weet zij naar geluk geen wegen, / En zit aan een raam te lezen / Den vroegen morgen.’
Dat Slauerhoff wol each en omtinken hie foar it Fryske lânskip, sa’t er dat ek foar alderlei Portugese en Sineeske lânskippen hie, wurdt ûnder mear ek dúdlik út in brief dy’t er, krekt tweintich, út Ljouwert wei oan syn maat Maarten Vrij skreau: ‘Gezondheid is heel goed, maar ik weet niet waartegen ze bestand is. Wel tegen lange uren wandelingen door dit toch wel mooie grijze land. Ik wou dat je het eens zag.’
Oft Slauerhoff troch dy lânskippen yn syn poëzy, dy’t fierhinne ûntliend binne oan dizze provinsje ek in Fryske dichter is, no nee, hy is gewoanwei in dichter út Fryslân, net mear, net minder. Hy prate gjin Frysk en hy skreau it ek net, sa’t syn mem, dy’t fan Flylân wie, dat ek net die, likemin as syn heit en de famylje Hille Ris Lambers.
.
Jûn
It hûs sliepte achter syn sletten blinen,
Wy sieten tegearre op ’e kâlde bank,
De dei wie as har âlde heit krank,
De blêden flústeren mei wurge winen.
Wurch fan de roken dy’t se hie te dragen
Fan grêven âld en roazen útbloeid,
Weemoedich twirjend troch fertize hagen
En ’t earmtlik leaf dat oer de sarken groeit.
Hast mar in bytsje tocht en in protte swijd
En my stil de hannen om ’e holle teard,
Alsa sizzend: ‘Ek de grutste leafde wurdt net mijd
Want bitter hurd wurdt alles sloopt fan de dea.
.
Avond
Het huis sliep achter zijn gesloten blinden,
Wij zaten samen op de kille bank,
De dag was als haar oude vader krank,
De blaren fluisterden met moede winden.
Moe van de geuren die zij moeten dragen
Van graven oud en rozen uitgebloeid,
Weemoedig vlagend door verwarde hagen
En ’t armlijk loof dat om de zerken groeit.
Je hebt weinig gedacht en veel gezwegen
En stil de handen om mijn hoofd gelegd,
Zo zeggend: ‘Ook de grootste liefde kan niet tegen
De dood die niets ontziet en alles slecht.’
.
Takom wike yn diel II : ‘Slauerhoff en de betide wegen fan in dichterskip – De Russyske rede’
.
.
J.J.Slauerhoff, ‘Herdenken’, Verzamelde Werken (I), Al Dwalend, V, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, s. 176.
J.J. Slauerhoff, ‘Avond’, Verzamelde Werken (I), Archipel, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, s. 98.
.
.