Slauerhoff op Flylân (diel II) – Ferline – Verleden
Slauerhoff hat net inkeld yn ‘Dorp aan Zee’ oer Flylân skreaun, hy die dat ek yn gedichten as ‘Verleden’ (Serenade III), dat útein set mei de rigel ‘Ik denk aan het eiland waar ik niet meer zal komen,’ en ‘De gouvernante’, skreaun nei oanlieding fan it fertrek fan syn jeugdleafde Heleen Hille Ris Lambers nei Ingelân. Slauerhoff op Flylân. Diel twa.
.
Nederlân koe de dichter stellen wurde. Klassyk binne de rigels ‘In Nederland wil ik niet sterven, / En in den natten grond bederven. / Het gaat mij daar te kalm, te deftig, / Men spreekt er langzaam, wordt nooit heftig’.
Ek op Fryslân hie de dichter it bepaald net stean. Yn ‘De Wooningloze’ is der it ferneamde sizzen: ’Voor de eigen haard gevoelde ik nooit een zwak,’ wylst yn in romroft gedicht as ‘In memoriam patris’, skreaun nei oanlieding fan it ferstjerren fan syn heit, steld wurdt: ‘De Friesche aard is benepen / En uit zich niet groot, weegt en wikt.’
‘De Friesche aard is benepen / En uit zich niet groot, weegt en wikt.’
Slauerhoff en Fryslân pasten inoar net. Oan Heleen Hille Ris Lambers, de dochter fan de dominy fan Jorwert dy’t in libben lang syn freondinne én muze wie, skriuwt er yn in brief fan 1927: ‘Leeuwarden heeft voor mij geen attracties, evenmin als vroeger.’
Yn in oare brief, diskear oan syn freon, kollega en âld stúdzjegenoat, de Eastenrykske dokter Hans Feriz, lit Slauerhoff, dy’t nei in pear lange skipsreizen nei Sina en Japan werom yn Ljouwert is, witte: ‘Wat is dat vreemd, een provinciestad. Ik hoop dat ik er spoedig weer uit kan vertrekken.’
‘afgelegen, mistig land’
De skaden en stimmen fan ûnbehagen en mismoedigens, sawol yn himsels as yn de (boargerlike) kultuer komme ek nei foaren yn de wize wêrop’t it lânskip yn syn poëzy ferskynt. Fryslân – ‘Het lage land ligt tot den einder kaal’ – is dêryn in streek dêr’t it meast waait, reint en stoarmet, in grize, nearzige en mistreastich meitsjende úthoeke, altyd like damp en wiet.
Mei dat Fryslân jout Slauerhoff, oanienwei op jacht nei it nea en nergens te finen lok, utering oan syn fan ûnrêst en ‘onlust’ tamtearre ynderlik. Yllustratyf binne gedichten as ‘Pastorale’, ‘De profundis’, ‘De Terugkeer I’ of ‘Herdenken’ dat sa útein set:
Dezen winter is ’t gekwelde weer
Niet tot rust gekomen: door de boomen
Trok de storm, in onophoudlijk stroomen
Sloeg het leger van den regen neer.
’t Licht heeft afscheid van het land genomen
In een vale bui en keert niet weer.
Men denkt soms aan een warm zuidlijk meer
Waar ’t geluk woont, maar kan niet ontkomen.
(…)
.
Lykwols, by alle tsjinnichheid is der is ek it sizzen: ‘Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak’ yn it net dien makke en net by libben publisearre gedicht ‘Ik kan niet zeggen hoe ik Holland haat’. Fryslân as lêste berging yn need? In skreau út wanhope, in lêste sarkastyske opmerking fan in sombere en fertwivele geast of gewoanwei a slip of the tongue, wat op himsels hiel wol mooglik is, sjoen it bepaald grillige temperamint fan Slauerhoff.
In oare, net ûnoannimlike ferklearring is dat Fryslân yn dit gedicht foar Jorwert stiet. Mear yn it bysûnder giet it dan om de pastorij fan dominy Cornelis Hille Ris Lambers (1865-1951), dêr’t Slauerhoff as HBS-learling graach en faak oer de flier kaam, net yn it lêste plak fanwegen syn leafde foar de âldste dochter Heleen. Mei Hille Ris Lambers, frijtinker en Tolstojaan – hy skreau ûnder mear De wijzen van het Oosten: Brahmanisme, Boeddhisme, Chineesche philosophie, Mazdeïsmehie (1902) – hie de jonge dichter tal fan petearen oer alderhande ûnderwerpen, fan de Sineeske filosofy oant en mei it spiritisme.
Seelucht
Foar dat frijsinnige en frijfochten fermidden yn Jorwert, dêr’t Slauerhoff de dominy steefêst begroete mei ‘Dag kerkvorst’, wylst dy him op syn bar ‘Dag dichtervorst’ tarôp – foar dat stikje Fryslân hie de dichter in swak. Hoe oangenaam dat Jorwerter miljeu him west hawwe moat, docht bygelyks bliken út gedichten as ‘Na jaren’, ‘Landelijke liefde’ en ‘De terugkeer’. It Jorwert fan dominy Hille Ris Lambers wie de dichter dierber. De rest fan it lân lei him net. ‘Duf en stug’, neamde er bygelyks it âlderlik hûs yn Ljouwert.
Trouwens, wat moat men ek yn in provinsje fan mist, stoarm en rein, om it oer ‘de mest’ mar net te hawwen, as men lykas Slauerhoff fan jongs ôf te lijen hat fan astma en oare longkrupsjes? Dat fysike elemint hat mei in reden west dat de dichter as skoaljonge en studint de simmerfakânsjes op Flylân trochbrocht, sterker: hy siet der bytiden yn ’t foarjier al op ‘e legere skoalle, omdat syn mem fan betinken wie dat de seelucht in heilsume wurking hawwe kinne soe.
Mei de broer fan syn omke Cornelis Blom dy’t mei hynder en wein it eilân oer gong om de post te besoargen, hobbele er mei de doarpsstrjitte troch, hearde op besites by de famylje ferhalen oer piraten en seerôvers, strúnde by’t simmer allinnich yn de dunen om of wie mei syn suster Guusje yn de einekoai te finen. Hoe dan ek, op Flylân fielde de jonge Slauerhoff him yn alle gefallen teplak en op syn gemak.
Ek letter as skipsdokter wie er, sa tusken alle reizen troch, gauris op it eilân te finen. ‘Ik kan mij geen prettiger manier denken om op Vlieland te vertoeven waar ik nog steeds graag ben,’ skreau er in betankbriefke oan de famylje Van Terwisga, by wa’t er yn syn fakânsjes gauris útfanhûze. Flylân wie foar him as dichter ta in hichte it ferlerne paradys fan syn jeugd. It fenomeen eilân makke op in sublimearre wize ûnderdiel út fan in sykjen om lok, dat by Slauerhoff in sykjen sûnder fynplak is want ‘nergens vind ik vree, / Op aarde niet en niet op zee,’
Ferhalen
Yn Slauerhoff. Een biografy rept Wim Hazeu fan ‘het eilandgevoel’ want ‘als je vanaf je vroegste jeugd een band hebt met Vlieland, dan raak je dat gevoel niet meer kwijt. (…) Er was bij Slauerhoff sprake van een eilandenfascinatie, die zich later verder uitstrekte dan Vlieland.’ Dêrmei stiet de dichter neffens Hazeu yn in literêre tradysje fan eilân begeistere skriuwers en dichters lykas W.B. Yeats, Jean Grenier (de learmaster van Camus) en Ernst Jünger. ‘Door Boudewijn Büch is deze fascinatie ‘insulafilie’ genoemd, een kwaal waarvan men niet wil genezen.’
Dat Flylân Slauerhoff dierber wie, kin ek te krijen hawwe mei it feit dat it grutste part fan de famylje fan syn memme’s kant fan it eilân kaam. Maritym histoarikus Ton F. Pronker, in achterneef fan de dichter, giet yn syn stambeamûndersyk, beskreaun yn de lytse biografy Jan Jacob Slauerhoff, Vlielander, dichter-schrijver-scheepsarts (2006), mar leafst alve generaasje werom en komt dan út by in tal foarfaren fan de Pronkers dy’t ta de earste Flielanner notabelen hearden, sa om ende by 1600 hinne.
Dêrby falt it op dat in protte Pronkers, mei omreden fan harren berop – loads of seeman – of op Skylge of op Flylân har stek hienen, lykas Slauerhoff syn beppe Elisabeth Theunisdr. Bakker (1824-1899). Se wie op Skylge berne as dochter fan de Flielanner loads en skipper Jan Feijes Pronker. It giet yn dizzen net sasear om it gewicht en it belang fan Slauerhoff syn kom-ôf, mar folle mear om de ferhalen oer de see, de seefeart en it loadswêzen dy’t mei al dizze famyljes mank west hawwe en dy’t part west hawwe fan de dichter syn jeugd en lettere herinneringen.
‘Bekendheid met de zee en banken rond het eiland en vertrouwd zijn met het varen daar in het ruwste weer, waren onontbeerlijk. Die eigenschappen lagen verankerd in onze toenmalige bevolking,’ skriuwt Pronker. ‘Jan Slauerhoff hoorde die verhalen uit de eerste mond en zag met eigen ogen het verband tussen de eigenschappen van de eianders en hun daden. Hij wist dat zijn grootvader Feije Pronker in 1867 de bronzen medaille had gekregen voor zijn aandeel in de redding van de opvarenden van de in de buitengronden gestrande Pruisische bark “die Braut”. (…) Het waren sterke geslachten waarover Jan hoorde verhalen en de tegenstelling tussen zijn eigen broze gezondheid en het harde zeemanswerk van ‘zijn’ eilanders sijpelde door in zijn gedichten en verhalen.’
.
FERLINE
Ik tink oan ’t eilân dêr’t ‘k net mear komme sil:
– ’t Is út see wei amper te sjen, sa lyts;
It smelle doarp dat ik net neame sil
Leit ûnder it beamte djip achter de dyk –
En oan de frou by wa’t ik net komme sil:
Mei har floeide ‘k gear íen stoarmige nacht,
De rûge nachtwyn skuorde oan ’t rút út alle macht;
Se lei hiel stil en sei in namme sacht,
Dy’t ‘k net mear wit, mar yn elke dream my omspielt.
.
VERLEDEN
Ik denk aan ’t eiland waar ‘k niet meer zal komen:
– ’t Is bijna niet uit zee te zien, zoo smal;
Het kleine dorp dat ik niet noemen zal
Ligt diep achter den dijk onder zijn boomen –
En aan de vrouw bij wie ‘k niet meer zal komen:
Met haar lag ik één stormigen nacht tezaam,
De onrustige nachtwind rukte aan ’t oude raam;
Zij lag zeer stil en mompelde een naam
Dien ‘k niet meer weet, maar draag in al mijn droomen.
J. Slauerhoff, Verzamelde gedichten (I), Serenade, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, p. 211..
Oare kear mear oer Flylân en Slauerhoff en it gedicht ‘De gouvernante’ út de bondel Archipel.