Sykje earst draachflak, dan pas taalbeslút

fd
Opinie – zaterdag 25 oktober 2014

Provinsjale Steaten moatte in beslút oer de taalplannen fan de Fryske Akademy opskowe oant dúdlik is wat brûkers fan it Frysk derfan fine. Komplisearjende faktor is dat de provinsje der al fjouwer ton oan útjûn hat.

Pieter Breuker

De plannen dy’t de Fryske Akademy en Deputearre Steaten hawwe mei it Frysk op it mêd fan staveringswizigingen en standertwurdlist betsjutte net allinnich in tebeksetter ynstee fan in opstekker foar de dochs al kwetsbere twadde Rykstaal. As se yn desimber oannommen wurde troch Provinsjale Steaten sil der ek in nij skoalfoarbyld de skiednisboeken yn kinne. In foarbyld fan goedbedoelde, mar ûnnedige, net trochtochte en ek net goed ûndersochte maatregels fan de oerheid. It tsjûke sjapiter ‘spitich, goedbedoeld, mar it hie noait wêze moatten’ stiet der fol mei.

Yn de maityd fan ferline jier hawwe mar leafst 104 minsken út kultuer, wittenskip en ûnderwiis, ynklusyf in hânfol heechleararen, mei in protte arguminten ferset oantekene tsjin troch de FA útstelde wizigingen fan de stavering en tsjin it oanwizen fan dialektyske en oarssoartige foarkarsfoarmen as basis fan in nij ‘Taalweb’ (in staveringschecker en in Google-oersetprogramma). De kearn fan de krityk wie dat dizze nije útstellen it Frysk skriuwen net foarút helpe mar krekt de bedelte ynstroffelje litte. Dêrneist wize ‘de 104’ derop dat de oerheid net de baas is fan de taal, dy’t ommers – in tige prinsipjeel punt – in saak is fan syn brûkers. Likegoed binne Deputearre Steaten fêst fan doel en set troch mei de Akademyplannen. Yn it neifolgjende sette wy in tal punten op in rychje dêr’t it bestjoerlik en polityk-demokratysk besjoen misgien is yn dit dossier, en nóch misgiet.

Op it foarste plak: it wurk oan dat Taalweb is al dien. De Fryske Akademy hat it fan ’t simmer presintearre oan Deputearre Steaten, dy’t der op 7 oktober mei akkoart gongen binne. Yn desimber sille Provinsjale Steaten der oer kedize. It nuvere is, dat útsein de opstellers sels, en in inkelde provinsjaal amtner, op dit stuit net ien wit wat der no presys yn dat Taalweb sit en stiet. De eardere kommisje-Bloemhoff (in oerlis oer de plannen troch provinsje, FA en in hantsjefol foar- en tsjinstanners) hat in tal kearen byinoar west en hat inkeld mar in yndruk krigen. Sa hawwe de kommisjeleden fan de tûzenen foarmen dy’t mooglik ûnder it nije standerdisearringsrezjym falle, mar in lytse fyftich ûnder eagen hân. Boppedat: de kommisje prate wol, mar it Taalweb wie der al.

Sûnt 2011 – it jier dat de provinsje op advys fan de FA de earste opdrachten foar it Taalweb oan de FA joech – binne de FA en de provinsje elke diskusje mei it fjild oer harren fiergeande plannen út ’e wei gien. Der hat ek gjin oerlis west mei oare frisisten, of mei taalkundigen bûten Fryslân. Krekt oarsom: de plannen dêr’t oan wurke waard, moasten safolle mooglik yntern bliuwe. Nei’t ‘de 104’ mei harren krityk nei bûten kamen, krigen de oanbelangjende meiwurkers fan de FA nota bene in sprekferbod oplein troch harren direkteur. In unikum yn de skiednis fan de akademyske frijheid yn Nederlân.

Der is dus amper draachflakûndersyk nei de plannen dien. Dat draachflak moat der ál wêze, fynt deputearre Jannewietske de Vries terjochte. Neffens direkteur Hanno Brand fan de FA, ferline jier juny yn Liwwadders, is de FA “bij het onderwijs langs geweest. Ook de provincie heeft zo’n onderzoek uitgevoerd. Voor- en tegenstanders hebben hun mening kunnen geven. (…) Het onderwijs staat hier welwillend tegenover”. Mar dat is yn tsjinspraak mei in meidieling fan provinsjaal amtner Harmen Akerboom yn in oerlis fan de kommisje-Bloemhoff, dat der yndie hielendal gjin draachflakûndersyk west hat. Foar de standertwurdlist is sa’n ûndersyk neffens de provinsje ek net noadich – “in grut draachflakûndersyk [is] net fanneden” (Akerboom).

Koartsein: de FA hat útstellen dien, mar net earst deeglik ûndersocht oft der wol ferlet is fan dy útstellen. De Oprop oan Provinsjale Steaten fan ‘de 104’ ferline jier, ek troch minsken út it ûnderwiis ûnderskreaun, bewiist fansels dúdlik dat sok ferlet der net is. Grutte kâns dat de provinsje no it oerlis fan de kommisje-Bloemhoff beskôget as in ‘draachflakûndersyk’, mar dat soe oan de protters raze. It Taalweb wie sawat al klear doe’t dy kommisje ein 2013 ynsteld waard.

Dizze sitewaasje is nammerste skrinender as betocht wurdt dat de FA al sûnt ein 2011 foar syn projekt finansierd wurdt troch de provinsje. Yn 2011 en 2012 hawwe DS yn totaal 378.870,- euro beskikber steld oan de FA foar it projekt, fier foar’t Provinsjale Steaten der ek mar in wurd oan smoarch makke hienen. En der komme aansen, as de útstellen oannommen wurde, fansels noch folle mear kosten by. Tink dêrby oan oanpassing fan offisjele websiden, wurdboeken, lesmateriaal, ensfh. Al mei al sil dizze taaloperaasje de Fryske mienskip maklik mear as in heal miljoen euro kostje.

En foar wat? It tragyske is dat it Frysk al dat gesoademiter der net by hawwe kin. De posysje fan it skreaune Fryske is tige swak en dat wurdt allinnich mar slimmer mei dizze plannen. Minsken dy’t it skreaune Frysk drage moatte, bygelyks ûnderwizers, sille inkeld mar yn ’e betizing reitsje; fan goed Frysk ûnderwiis sil noch minder telâne komme. Boppedat sil it jierren duorje foar’t ien en oar feitlik effektuearre wurde kin, want sawol om tiid as om jild is it ûnmooglik om op koarte termyn de feroaringen yn te fieren. Ek sa’n lange oergongsperioade sil betizing jaan. Taalbrûkers sille noch hiel lang de besteande stavering en de gongbere standert ûnder eagen krije. In protte ‘frije brûkers’ (lykas skriuwers) sille it ferpoffe om oer te skeakeljen.

De nije stavering en standert sille net ferplichte wêze, is it sizzen fan deputearre Jannewietske de Vries. Formeel mei dat sa wêze, mar de polityk kin him net alle drokte en kosten op ‘e hals helje en lit de saak fierder mar gewurde. It is dúdlik wat aanst de noarm yn it ûnderwiis wurdt. Sûnder yngeand ûndersyk wurdt besocht om in taalrealiteit te feroarjen: it Frysk moat in jaske oanmetten wurde dat it net past. Yn it skreaune Frysk is no ienris in protte fariaasje mooglik. De ideology fan de ‘ûnderwiiskundigen’ oan de FA – it Frysk moat in ‘echte’ standerttaal wêze, mei sa min mooglik fariaasje – is de bêste manier om minsken dy’t noch Frysk skriuwe fan har eigen taal te ferfrjemdzjen. Yn ús eagen is it Taalweb in tige skealik burostoelprojekt fan in ynstitút dat de takomst fan syn eigen budzjetten wichtiger liket te finen as de foarútsichten foar it Frysk.

Wat Provinsjale Steaten dwaan kinne, is de deputearre oan har eigen wurd hâlde. Kom earst mei in goed draachflakûndersyk, nei’t de taalmienskip goed foarljochte is, en beslút dêrnei pas oer al of net ynfieren.

*

Pieter Breuker (frisist), Elske Schotanus (skriuwster), Eeltsje Hettinga (skriuwer-dichter), Abe de Vries (dichter), Henk Wolf (taalkundige)

fd