Twa gedichten – Oer it Emma – Al wat oan nacht

(28-02) AL WAT OAN NACHT – 

‘Er gebeurt zoveel zonder reden.’
Roger Van de Velde (1925-1970)

Op bleate fuotten, de klinyk út,
bloedankels oer de kasseien.
Drok omwjokjende earms
by in dronken swaaien nei de stjerren.
In stikkene stâllampe de holle
yn it nachtgebed oer Skelde en Zoo.

Him it skriuwmasyn ûntsein!
Gjin rjocht op beskied –
Dat galge-iis, dat galge-iis.

Al wat oan toarst, leafde en tsjusternis
oan it ljocht brocht moast,
krige temûkwei syn gesicht
yn goddeleas hoannepoateskrift.
Yn ûnderguod beside stutsen
waard it wurd ta it gesticht útslûke.

Hoe’t de god fan suvering
de Yndeks âlde roomske wangen joech.
Him knettere de skedel by alles
wat skrast moast út bestean en boek.
Gjin kasjot of de geast ferliest
it ljocht en it liet dat oan fûgels heart.

©EH ( febr. ’21)
.
.

OER IT EMMA

Oer it Emma fart in grize moanne,
fart mei de reek fan skippen nei see.
Ald lantearneljocht spegelet
De ferlittenens fan in snieblyn winterhielal.
Sûnder ferweech stiet yn himsels
fersonken it wite, ferklomme beamte.
Hastich ferdwynt in lette kuierder
yn ’e skreef tusken twa bline muorren.

Foaroer’t slachthûs berûzet in twirjen
de wyt oerdutsen tûken, bemûskoppet mei
in kat yn de stil risseljende strûken
in âld, kantyk winterferhaal.

By de brêge mei it opskrift hjir is altyd…
erges oars steane fiif bientige fingers,
freegjend yn wytberipe stiennen.
Stil no de stêd yn de oere dy’t net kloppet.

©EH  (febr. ’21)

Eeltsje Hettinga wie de 1ste dichter fan Fryslân (2017-2019). Resinte publikaasjes: De hannen de doeken (poëzy, 2018), Nachtspraak (poëzy, 2019), Ryzjy yn it Frysk (2019), Katern Dichter fan Fryslân (poëzy, 2019), animaasjefilm It skip, tegearre mei Anne Fie Salverda (2020).

[foto: Gabe Kamphuis]

.

Oantek.

  •  ‘Hjir is altyd’ is ûnderdiel fan de twatalige rigel ‘Hjir is altyd earne oars’ / Hier is altijd ergens anders’ fan de keunstner Bas Jan Ader (1942-1975). Dy wurden krigen yn 2018 in plak op de foet fan de fierrekiker by de Willemskade yn Ljouwert. De rigel is oars ek de titel fan de dokumintêre ‘Here is always somewhere else’. Ader rekke yn 1975 wei doe’t er, allinnich, yn syn sylboatsje fan noch gjin fjouwer meter de Atlantyske Oseaan oerstekke woe. Foar it tydskrift De Moanne haw ik yn 2006 ferslach dien oer de tentoanstelling ‘Please don’t leave me’ oer Ader yn Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam. Lêstendeis kuiere ik oer it Emma(plein) en bylâns de Blokhúspoarte de binnenstêd fan Ljouwert yn en seach yn it skimertsjuster fan de winter dy’t yn it neigean wie de heal besnijde rigel fan Ader, foarm jûn troch Aad van Altena en Marten Winters.
  • Ferline jier ferskynde fan de hân fan skriuwster Ellen Van Pelt de biografy Deze wereld is geen ergernis waard oer de Flaamske skriuwer Roger Van de Velde (1925-1970). Hy siet acht erbarmlike jierren achter de traaljes fanwegen it ferfalskjen fan doktersresepten, ferslaafd as er rekke wie oan alderhande pilleboel nei in drege maachoperaasje. By syn opsluting wie him it brûken fan in tikmasine ferbean. De mei de hân skreaune ferhalen moasten bytiden yn de ûnderklean fan syn frou ta it kasjot útsmokkele. Oait, yn Grins op de Brugstrjitte en letteroan op in tal sneinen op de pleats yn Burchwert, lies ik in broer stikken foar út de ferhalebondel Kaas met gaatjes. (e.h.)