UNDER DE STEDEN – Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.

Schrijver, dichter en journalist Eeltsje Hettinga (1955) is gekozen tot de allereerste Dichter fan Fryslân. De benoeming is voor twee jaar. Hij won de verkiezing met het gedicht ‘Under de stêden’. Gedeputeerde Sietske Poepjes benoemt de Dichter fan Fryslân op 24 november 2017.

Als Dichter fan Fryslân treedt Hettinga de komende twee jaar op als poëtisch ambassadeur. Hij schrijft zes tot tien gedichten per jaar, liefst geïnspireerd door opvallende en actuele zaken in de provincie. De Dichter fan Fryslân krijgt een vaste vergoeding van 2.500 euro per jaar en nog eens 250 euro per gedicht.

Dichter fan Fryslân is een initiatief van de provincie Fryslân en wordt uitgevoerd door de Afûk. Met de benoeming van de Dichter fan Fryslân wil de provincie bij een breder publiek meer aandacht vragen voor poëzie. De jury bestond uit Obe Alkema, Peter van Lier en Tamara Schoppert.

Under de steden

Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.
Kaaien en fabriken, pleinen en skippen,
alles lei te sliepen.
Dêr’t ik omdangele, heal yn mysels ferrûn,
seach ik yn blau lantearneljocht
in heit, in broer en
it jachtsjen fan har skaden,
swart as de hynsters dy’t har ienris
troch liet en lichem draafden.
Ticht leine alle fivers en grêften
ûnder de winterhimel, in sark.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

By de sonoare klanken fan in lege saks
blafte in hûn in kâlde ûnrêst.
Fierderop kaam in skip fan syn kaaien los,
briek mei geweld
troch it kreakjende iis,
fersweevjend ûnder nacht syn steden.
Ik seach de skaden fan in heit, in broer,
in ferdwinen yn in hielal, sûnder tekens.
Fan alle wei en wegen bin ik
de ferlitten stêd, mei wenten en winkels en
in gerjochtsgebou, sûnder finsters.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

De karriêre fan Hettinga

Eeltsje Hettinga is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút Akten fan Winter (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt ‘It Font’ dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum. De folsleine taspraak fan Hettinga is hjir (pdf) werom te lêzen.