Yoeng Poe Tsjoeng – J. Slauerhoff – Sina

yptsjoeng5

 

Myn soannen of rampspoed jout rjocht op dronkenskip

Hast al myn hier is al griis,
Fol tearen myn antlit.
Lykwols is it my goed gien:
Gjin dochter ha’k en fjouwer soannen.
Mar allegear haatsje papier en pinsiel.

A Sjoe is achttjin,
Inkeld yn loaikjen is er in master.
A Sji An docht syn bêst,
Mar yn syn hert hatet er de Letteren.
Yoeng Twam is trettjin,
Mar kin gjin seis fan sân ûnderskiede.
Toeng Tsoe, dochs al njoggen,
Hat inkeld doel oer lekker iten.

Dêr’t de himel my sa misdielt,
Haw ik gjin rjocht en sjoch djip yn ’t glês?
.
.

Mijn zonen of rampspoed geeft recht op dronkenschap

Haast al mijn haar is al grijs,
Vol rimpels mijn gezicht.
Toch is het mij goed gegaan:
Geen dochter heb ik en vier zoons.
Maar allen haten papier en penseel.

A Sjoe is achttien,
Alleen in luieren is hij een meester.
A Sji An doet zijn best,
Maar in zijn hart haat hij de Letteren.
Yoeng Twan is dertien,
Maar kan geen zes van zeven onderscheiden.
Toeng Tse, toch al negen jaar,
Heeft alleen verstand van lekker eten.

Waar de hemel mij zoo misdeelt,
Heb ik geen recht diep in het glas te zien?
.
(Tao Sjen)
.
.

Wachtsje

Myn boatsje is fan tin reid,
Flochten mei fezels fan sigge.
Dochs befar ik de stream.
Net in wachtljocht op ’e oare kant,
Inkeld hoede troch de poalstjer.
Komsto net?
Dyn boat is fan sterk hout.
Dizze stream is noch lang net
De wylde Yang Tse, en dochs bisto bang.
Komsto net?

.

Wachten

Mijn bootje is van dun riet
Gebonden door vezels van lisch.
Toch bevaar ik den stroom.
Geen wachtlicht op de andere oever
Alleen bewaakt door de poolster.
Kom je niet?
Jouw boot is van sterk hout.
Deze stroom is nog lang niet
De woeste Yang Tse, en toch ben je bang.
Kom je niet?

(Anonym)

.
.

Betide snie

Ik hear soms in heas flústerjen.
Oer ’t bêd stiet de stilte, de nacht.
De bamboeboskjes kreakje sacht,
Bûten yn it fierdere tsjuster,
Want it sil snije yn de nacht;
Moarn is de wrâld wyt,
Wurdt it winter.
Us leafde… wêrom huverest?
.
.

Vroege Sneeuw

Ik hoor je soms heesch fluisteren.
Om ’t bed staat de stilte, de nacht.
De bamboeboschjes kraken zacht,
Buiten in het verdere duister,
Want het gaat sneeuwen in den nacht;
Morgen is de wereld wit,
Wordt het winter.
Onze liefde… waarom huiver je?

(Anoniem)

.
.

De deade beminde

Ik hear neat mear fan har, en eartiids
Wie ’t rûzjen fan har gewaad al in freugd’;
Leech en stil stiet de seal,
Stof heappet gear, steurd troch neat,
Blêden risselje fol langst by’t finster lâns –

Dêr op dat gerdyn,
Glydt der net har skym bylâns?
Rûze net har rôk?
Kom, kom dochs werom!

.

De doode Beminde

Ik hoor niets meer van haar, en vroeger
Was ’t ruischen van haar gewaad al vreugde;
Leeg en stil staat haar zaal,
Stof hoopt zich op, ongestoord,
Blaren ritselen verlangend langs ’t raam –
Hoe kan ik haar dan missen?

Daar op dat gordijn,
Gleed haar schim er niet langs?
Ruischte haar rok niet?
Kom, kom toch terug!

(Li Foe Yen)

.

J. Slauerhoff, Verzamelde Werken (II), Yoeng Poe Tsjoeng, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940.
.
.

Yn de bondel Yoeng Poe Tsoeng (1930) sette Slauerhoff fan ferskillende Sineeske dichters poëzy út it Frânsk, Dútsk en Ingelsk oer. Dêrnjonken brocht er by wize fan chinoisery in grut tal gedichten byinoar dy’t mei it Sineeske libben en lânskip fan dwaan hawwe. De wenstige sidene gewaden, glânzgjende moannen en bloeiende roazen, dêr’t it yn de Sineeske poëzy faak fan optilt, giet er lykwols út ’e wei. Yn de samling Yoeng Poe Tsjoeng, in namme dy’t letterlik ‘fan gjin nut’ betsjut, jout Slauerhoff de foarkar oan de bitterens en mankelikens fan it bestean sels. It gedicht ‘Mijn zonen of rampspoed geeft recht op dronkenschap’ lit tinke oan Slauerhoff syn klassiker ‘De schalmei.’ Sjoch fierders ek de skôging Sineeske poëzy yn de Fryske literatuer en/of Slauerhoff yn it Frysk.

>
>