Y-skrift oer it saneamde Frysk-wêzen fan ‘opa Piet Snor’
Yn in nijsgjirrige skôging fan de biografy oer oarlochspremier Pieter S. Gerbrandy leit Jan Ybema, redakteur fan Y-skrift, hierskerp bleat hoe’t biograaf Cees Fasseur in ferbân ûnderstelt tusken persoanlikheid en folkskarakter. It Frysk-wêzen soe Gerbrandy syn persoanlikheid mei foarme hawwe. ‘Een sterk ontwikkeld individualisme, doorzettings-vermogen, vrijheidszin en emotionaliteit worden in de literatuur de meest markante karaktertrekken van de Friezen genoemd. De boerenzoon uit Goïnga [Gerbrandy, e.h.] paste met zijn leergierigheid, vasthoudendheid en eigenzinnigheid in dit profiel, zij het dat hij zijn emoties doorgaans niet uitte.’
.
Fasseur basearret him foar syn bewearing ûnder oaren op, skrik net, geskriften út de jierren tritich, konkreet op Het Nederlandse Volkskarakter en het Socialisme (1934). Ybema makket gehak fan de biograaf syn psychologisearjen fan de kâlde grûn. Mei rjocht konkludearret er dat Fasseur syn ynterpretaasje fan Gerbrandy’s persoanlikheid de frucht en repetysje is fan alderlei stereotipen en klisjees, bygelyks dy fan de frijheidsleavjend en ûnôfhinklike Fries. Ybema: ‘It is it ferhaal dat bûtensteanders al sa lang oer Friezen fertelle en dat de Friezen ek al salang oer harsels hearre en wjerkôgje.’
‘De Friese ziel’
Net inkeld mar ‘bûtensteanders’, mar likegoed ek de Friezen sels wolle har sa altemets noch wolris te bûten gean oan it opleppeljen fan alderhande stereotipen oangeande Fryslân en syn bewenners. In pear jier ferlyn produsearre de saneamde Coöperatiegroep 2018 de notysje Nocht oan ’e takomst (2011). It moast de basis wurde foar de útferkiezing fan Ljouwert en Fryslân as Kulturele Haadstêd fan Europa.
De notysje sels, opsteld troch de ko mei de tûzen lêbmagen, Abe de Vries, wie foar in part in ferwurking fan it yn 2011 ferskynde rapport Fan de minsken en de grûn, toekomstagenda Fryslân duurzaam 2040, opsteld troch de Coöperaasjegroep Fryslân 2040. Beide groepen hienen de Fryske histoarje, de Fryske siele en it Fryske folkskarakter troch it gat gnúfd en as útgongspunt nommen foar harren fisjoenen oer in ljochtsjende Fryske takomst. De ynset, sa hjitte it sizzen, wie neat minder as in folsleine selsfernijing. ‘De prikkels tot verandering (moeten) raken aan de Friese ziel en het achterliggende oergevoel’, skreaune de ferljochte Fryske koöperaasjegeasten.
Ek draaiden se de hân net om foar ‘fraaie’, folslein anakronistyske passaazjes lykas dizze: ‘Over het algemeen is de Fries recht door zee, heeft een sterke zucht naar vrijheid en onafhankelijkheid. De Fries kan ook stug overkomen en eigenzinnig zijn en lijkt dan een soort onbuigzame beslistheid te hebben. De volgende typeringen om de Friese ziel te duiden, werden door deelnemers aan de arena genoemd: Een Fries is niet zozeer beter maar anders; als drie wegen naar het doel leiden dan gaat de Fries de vierde weg. Die laatste omschrijving is wellicht veelzeggend.’
Koal en kolder
Sa’t de histoarikus Cees Fasseur by syn tsjutten fan de saneamde Fryske persoanlikheid fan Gerbrandy gebrûk makke fan Het Nederlandse Volkskarakter en het Socialisme fan de histoarikus J.P. Kruijt, sa gienen de Fryske koöperaasjegroepen by harren bidbook-skriuwen te seil op foaroarlochske geskriften lykas it yn 1938 ferskynde De Nederlandsche volkskarakters fan P.J. Meertens en Anne de Vries, wêryn’t skriuwer-sjoernalist J.P. Wiersma it haadstik ‘De Friezen’ foar rekken nommen hie. Yn beide gefallen smiet it oars net op as stompsinnige (folks)stereotipe koal.
Ien fan de antwurden op it kolderike tinken fan de twa koöperaasjegroepen wie it yn 2012 oan deputearre Jannewietske de Vries útrikte pamflet De volksnationalistische taal en retoriek achter Fryslân 2040 en KH2018, dêr’t skriuwer en politikolooch Hans van der Heijde in fleurich, net fan satire, sarkasme en synisme frij foaropwurd foar skreau. It stie Jannewietske de Vries te priizgjen dat se resolút ôfstân naam fan elke foarm fan folksnasjonalistysk tinken. ‘Ik wol de ienentweintichste ieu yn sûnder yn âlde refleksen te ferfallen; ik haw neat mei ing tinken en ideologyen dy’t dêroan ferbûn binne.‘
Om koart te kriemen, stereotipen en klisjees oangeande in ûndersteld Frysk folkskarakter binne taai as tou, dus stekke se út en troch wer de kop op, net allinnich by ‘moderne’ histoarisy as Cees Fasseur, sa’t Jan Ybema yn syn ‘debunking’ skôging fan de biografy oer Pieter Sjoerds Gerbrandy sjen lit, mar likegoed ek by alderlei ‘jonge Friezen’ dy’t wat mei Fryslân Kulturele Haadstêd woenen.
Kultuernasjonalisme
Fan rapporten lykas Nocht oan de takomst is by it lettere bidbookskriuwen net folle mear fernaam. De folksnasjonalistyske tendins dêryn is geandewei ynruile foar in mear kultuernasjonalistyske beneiering, in foarm fan nasjonalisme dy’t útgiet fan in mienskiplike kultuer, sûnder dat der sprake is fan in steat of naasje, sa’t bygelyks bliken die op it ferline wike holden sympoasium Fryslân en de wrâld 2.0. Fierdersoan wurdt drok besocht om it histoarysk nochal beladen begryp ‘mienskip’ te foarsjen fan it adjektyf ‘iepen’.
Dochs moat steld dat alderlei ûnderdielen fan it mienskipstinken dat mei beide ideologyen mank is oerein bleaun binne, bygelyks yn it stik fan hâlding en mentaliteit. Yn de notysje Nocht oan ‘e takomst sei it biedwurd bygelyks: ‘Gjin synisme, blinder. Optimisme’. Farianten dêrop litte har werom hearre yn programmatyske, fierhinne bwarristyske sizzens lykas dat fan de needsaak ta it skeppen fan in posityf en konstruktyf Frysk kultureel klimaat. Inkeld om dy reden al is it lamentearjen oer de al of net goede toan [lês: hâlding en stim] fan skriuwers, dichters en wittenskippers noch in lang libben garandearre.
Hoe dan ek, de moai krityske en goed trochwrotten skôging fan Jan Ybema oer Cees Fasseur syn skriuwen oer ‘opa Piet Snor’, wie, ék mei it each op de boekebonnen dy’t ik noch lizzen hie, in moaie oanlieding om de biografy Eigen meester, niemands knecht oan te skaffen. Y-skrift bewiist datoangeande, om it ek ris moai kristlik, dus netsjes, posityf en fatsoenlik, te sizzen syn besteansrjocht.
.