It Staverkadaver – ‘It is gjin polityk bedriuw blikstjinders’ – Part II

kadaver1

Ljouwert (22-05) – De Fryske Akademy is troch deputearre Jannewietske de Vries frege om it foartou te nimmen by it op priemmen setten fan in temabyienkomst oer de Fryske staveringskwestje, in gearsit, ûnder mear ornearre foar  Steateleden, it Skriuwersboun, leden fan de Akademy en in groep fan (taal)wittenskippers en skriuwers dy’t har net allinne  tsjin de staveringsferoaring én de nije taalnoarm (yn de foarm fan dialektseleksje) keart, mar dy’t ek fan betinken is dat de Provinsje it beslút oangeande de Staveringsferoaring weromdraaie moat.

It is lykwols bespotlik dat de Fryske Akademy, dy’t al mear as in jier te set wie mei de staveringswiziging, no pas mei in harksitting op ‘e lappen komt om te hearren wat it fjild fan har plannen tinkt, wylst, noch folle beroerder, oer dyselde staveringsferoaring, ein april, yn de Steaten al in (advys-)beslút naam is. Mmm…. sa’n gong fan saken, it hat de politike alluere fan in bananerepublyk.

Undúdlik is ek hoe’t it komt mei it foarnimmen fan it bestjoer fan it Skriuwersboun dat earjuster (20-05) op har website oankundige om in soartgelikense gearkomste – ‘in ynfojûn en foarumdiskusje’ – oer de staveringskwestje op tou te setten as dy fan de Akademy.

It Skriuwersboun spilet sawiesa in nuvere en frjemde rol. It bestjoer lit bygelyks witte dat ‘se in fasilitearjende partij is dy’t polityk, wittenskip en de Fryskbrûkers mei-inoar yn petear [bringe wol]’, mar datselde bestjoer dat de belangen fan de leden heart te behertigjen, wegeret om syn leden te skewieljen mei dy ynformaasje dy’t nedich is om elk, frij en ûnôfhinklik, syn/har eigen oardiel yn de staveringskwestje meitsje te litten.

Projekt-P, Frysk skriuwersprotest, mei hast elk oerein tsjin de neo-liberale kultuerpolityk fan de Provinsje
Projekt-P, Frysk skriuwersprotest, mei hast elk oerein tsjin de neoliberale kultuerpolityk fan de Provinsje

Sa wiisde it bestjoer fan it Boun koartby it fersyk ôf en partsje it brief ‘De oprop oan de Provinsjale Steaten’, opsteld troch in groep fan krityske (taal)wittenskippers en skriuwers, ûnder har leden om. By it hearren fan dy wegering tocht ik noch even: Moat it no sa mâl?

It is te hoopjen dat it staveringskwestje- spul net itselde karakter krijt as by de aksje, ferline hjerst, foar it behâld fan de Obe Postmapriis en de Fedde Schurerpriis. Doe diene de saneamde joviale skoudershuffers dy’t altiten mar ien belang hawwe, te witten dat fan harsels, alderhande achterbaks en achter de skermen bekokstoofde dealtsjes mei de amtners fan de Provinsje, sûnder werklik solidêr wêze te wollen mei de skriuwerbent dy’t fia de iepenbier (!) holden Projekt P-aksje yn it spier wie foar it oerein hâlden fan de Fedde Schurerpriis.

Fierders is it sa dat de temagearkomste fan de Fryske Akademy net earder holden wurde kin as de gearkomste fan it Skriuwersboun, oars komt it Bounsbestjoer aanst ‘neutraal’ op de staveringsgearsit fan de Akademy, dêr’t deputearre Jannewietske de Vries om frege hat. De leden fan it Boun sille dus earst heard wurde moatte!

Wat dat lêste oangiet, in skriuwer-dichter as Elmar Kuiper hat alle gelyk fan de weareld as er op Ensafh. seit: ‘It Boun hat al op eigen manneboet in (gjin) stânpunt ynnommen en stelt him op as in fasilitearjende partij. Wêrom net foarôf de leden riedplachte? It is gjin polityk bedriuw blikstjinders.’

(Stt… yn it skoft fan de troch de Akademy plende staveringsgearsit sil op fersyk fan Jannewietske de Vries ek de bluessanger Screaming Jay Hawkins te hearren wêze. Harkje, harkje…)