De blunder fan Boeken fan Fryslân, of in kadoboek bjuster

(12-03-2020) Dit jier is it offisjeel Befrijingsjier. Yn it ramt derfan hie de Twadde Wrâldkriich in plak fertsjinne yn de Fryske Boekewike 2020. Njonken it ferfryske boekewikegeskink fan Annejet van der Zijl hie, om mar in foarbyld te neamen, in werútjefte fan it yn 1946 ferskynde ‘Efter it tried. Kampsketsen út Amersfoort’ fan Häftling nû 10039 [ps. Reimer van Tuinen] in mooglikheid west.


Van Tuinen (1916-2006) wie yn de oarloch aktyf yn it ferset. Yn 1943 waard er troch de Dútsers oppakt, ta de deastraf feroardiele en nei it konsintraasjekamp Amersfoart by Leusden oerbrocht. Ein 1944 wist er oan dit ‘Durchgangslager’ te ûntkommen.

Hy dûkte ûnder op in pleats by Dokkum. Under de fersetsnamme Willem de Jong gie er fannijs yn de yllegaliteit. Dy namme brûkte er letter ek as dichter by de publikaasjes fan syn bepaald net ûnfertsjinstlike poëzy yn de tydskriften De Tsjerne en De Stiennen Man.

reportaazje

Efter it tried is in yndrukwekkend, ticht op de hûd fan de tiid skreaun dokumint, dêr’t Van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfinings yn it konsintraasjekamp Amersfoort yn werjout.

De sketsen binne in miks fan autobiografy en fiksje, ôfwiksele mei seis gedichten, wêrûnder it lange, sprekkende gedicht ‘Transport nei Neuengamme 9 septimber 1944’.

Yn de oanrin fan it 98 siden tellende boek neamt Van Tuinen syn sketsen “in reportaazje, mei hjir en dêr de ekspressy fan inkelde persoanlike yndrukken en erfaringen.” Dêrneffens is ek de styl: saaklik en strak en gauris spotsk en iroanysk.

Hy jout in yngeand byld fan it deistige libben yn de barakken. Der is it wachtsjen, it omhingjen, it sinleas wurk – it meitsjen fan boartersguod – de appèls yn ‘It Roazetún’, it beruchte tún dêr’t kampfinzenen bytiden, waar of gjin waar, dagen oanien delset waarden, sûnder iten en drinken.

Passaazjes oer dat soarte strafeksersysjes ûnder lieding fan de Dútske SS’er en plakferfangend kampkommandant Joseph Kotälla, oftewol de boal fan Amersfoart, treffe jin djip likegoed as de yngeande, op solidariteit boude kampfreonskippen.

Dochs is Efter it tried gjin dreech, swier of stinderich skriuwen. Troch syn realistyske en relativearjende toan is it noch altyd like lêsber.

kadoboek

It wurk fan skriuwer-dichter Reimer van Tuinen is mar in foarbyld fan in útjefte dy’t mei it each op de betinking fan 75 jier befrijing in adekwaat kadoboek west hie by de oankeap fan in Frysk boek.

Likegoed hie dat ek Deiboek Menaan 1944-1945 fan de doe sechstjinjierrige Ak Wassenaar wêze kinnen. Beide oarlochsdokuminten hiene yn oparbeidzjen mei bygelyks it Fries Film Archief of it Fries Museum in multymediale ynstek jûn wurde kinnen.

Fan Boeken fan Fryslân en Afûk hie men mear skerpte, linigens en kreativiteit ferwachte.


Ik bedoel, fan in stichting as Boeken fan Fryslân (BfF), dy’t mei de AFUK ferantwurdlik is foar respektivelik de opset fan de Boekewike en de promoasje fan Fryske literatuer, hie men mear linigens, skerpte en kreativiteit ferwachte.

Ernst Bruinsma, projektlieder fan Boeken fan Fryslân: ‘Der binne te min oansprekkende proazaskriuwers om alle jierren in boekewikegeskink te skriuwen.’ (Leeuwarder Courant, 09 maart)

No is it nacht yn nane, oftewol: dit jier gjin Frysk kadoboek of niks. Ernst Bruinsma, baas en projektlieder fan BfF, lit datoangeande yn de Leeuwarder Courant witte dat ‘der te min oansprekkende proazaskriuwers binne om alle jierren in Frysk boekewikegeskink te skriuwen’.

Mar is dat ek sa? Binne Nyk de Vries, Ferdinand de Jong, Hilda Talsma, Hein Jaap Hilarides, Janny van der Molen, Elske Schotanus, Jaap Krol, Douwe Kootstra om mar ris in pear skriuwersnammen te neamen net oansprekkend genôch yn harren wurk en presintaasje?

it boek bjuster

Binne dy skriuwers überhaupt wol beneiere mei de fraach om in Frysk kadoboek te skriuwen? Om it mar net te hawwen oer de mooglikheid en lit har, dit befrijingsjier yn acht nimmend, in boek oer it fenomeen oarloch skriuwe.

In telefoanysk rûntsje lâns in tal fan harren smyt oars gjin antwurd op as nee, wie it mar wier! Boeken fan Fryslân is, koartsein, de bining mei it fjild kwyt, of oars sein, it boek bjuster.

Eeltsje Hettinga