Healwei de poëzijwike 2019 – Dean Bowen en de bondel ‘Bokman’

(03-02) Ofrûne tongersdei waard Dean Bowen beneamd ta stedsdichter fan Rotterdam. Syn poëzijbondel ‘Bokman’ wie foar my ien fan de fiif meast nijsgjirrige bondels oer 2018. Mei it each op de poëzijwike fan 31 jannewaris oant 6 febrewaris omtinken foar syn wurk.

It reinde ferline wike trouwens nije steds- en gemeentedichters. Bowen waard dus ‘poëzijkeizer’ fan Rotterdam, Arjan Hut krige it dichterskip fan de gemeente Achtkarspelen taskikt, wylst Jankobus Seunnenga ynstallearre waard as de dichter fan Noard-East Fryslân.

By al dy dichterskippen kaam dizze moanne ek dat fan Tsead Bruinja, hy waard ein jannewaris yn de Balie yn Amsterdam ynsegene as Dichter des Vaderlands.

De foar my fiif meast nijsgjirrige dichtbondels oer 2018: Bokman (Dean Bowen), Obelisque (Obe Alkema), Habitus (Radna Fabias), Alsof men alles loslaat (Michaël Slory) en de blomlêzing Een boek van wondere dingen (Daan Bronkhorst).

.
Dean Bowen is dichter, performer en psychonaut. Op It literatuerfestival Crossing Border yn Den Haach waard er yntrodusearre mei de wurden: “Tijdens zijn ontdekkingsreizen in het universum van de geest onderzoekt bij zaken als de dynamiek van de samengestelde identiteit en hoe deze zich verhoudt tot een politieke en maatschappelijke positionering.”

De dichter syn identiteit is in gearstalde identiteit, beynfloede troch alderlei talen en kultueren. Syn poëzij is in spul fan stimmen en skiednissen, dêr’t dy fan it kolonialisme net swak yn byspilet. Tekenjend is de dichter syn ôfkear en argewaasje fan it rücksichtlose neo-liberale tinken, in tema dat er dielt mei dichters as Frank Keizer, Maarten van der Graaff of Obe Alkema.

Bowen syn debútbondel Bokman (2018) waard ferline jier nominearre foar de C. Buddingh’ Priis, de jierlikse priis foar it bêste Nederlânstalige poëzijdebút.

Doe’t ik begjin jannewaris myn list mei de foar my fiif meast nijsgjirrige dichtbondels oer 2018 gearstalle moast, kaam ik nei Bokman op it folgjende rychje út: Obelisque, Obe Alkema, Habitus, Radna Fabias, Alsof men alles loslaat, Michaël Slory en de blomlêzing Een boek van wondere dingen, Daan Bronkhorst. [Yn ‘e rin fan ferbrewaris op dizze website mear omtinken foar de as glossy ferskynde debútbondel Obelisque.]

Hjirûnder de lichtjes oanpaste resinsje dy’t ik ferline simmer – it wie begjin juny en einleas simmer – oer de bondel Bokman skreau.

Sa begjint it lange, fjouwer siden tellende gedicht ‘ik zag het vale donker en razernij de stad verzwelgen…’ yn de bondel Bokman fan Dean Bowen, poëzy fan in subversive geast mei in alles oerdonderjende lyryk. Wat in ûntdekking. Wat in iepenbiering. Poëzy dy’t dy fan Ginsberg belykje kin.

Der sit ‘rage, rage’ yn it Howl-achtige gedicht, in tekst mei in grutte politike lading as it om de ferhâlding tusken ferskillende generaasjes en befolkingsgroepen giet, yn it bysûnder dy tusken de kleure en net-kleure mienskip.

Allyksa wurde ûnderwerpen as rasisme, kolonialisme en religy oer it fuotljocht brocht. Skerp en hurd is Bowen as er de hâlding fan de ‘onhebbelijke kijkbuisadepten’ op it harspit nimt, part fan in generaasje dy’t oars gjin each hat as foar harsels. Oait wiene se ‘nieuwetijdskinderen’, mar se hawwe harren sensitiviteit ferlern. Oer de oarsaak derfan seit de dichter rjochtút foar de bargesnút: ‘geen liefde’.

kleur, spiis en minaretten

Yn ‘ik zag het vale donker en de razernij…’ wurde alderhande tsjinstellingen bespile. Tsjinoer de generaasje X bygelyks wurde minder bedielde groepen set, dejingen dy’t besteane yn it swart fan asfalt, beton, stien en skaad. Se binne it ljocht brek.


Dean Bowen (1984) publisearre ûnder mear op Sample Kanon, nY en Kunsttijdschrift Vlaanderen. Yn 2015 krige er yn de kategory poëzy de Van Dale Spoken Award. De bondelBokman is syn debút. Part II hat dêryn as titel syn eigen namme, skreaun as ‘.Dean Bowen’. Under it motto ‘Onze namen smeulen van jou na.’ rint de dichter – de dichter is fan Surinaamske komôf – yn in rige fan fiif fersen de skiednis fan himsels en Suriname nei: de ynheemske yndianen, de Marrons, de koloniale machthawwers en de slavernij.

Net allinne yn dit gedicht, ek yn de rest fan Bokman spylje etnyske, kulturele en religieuze ûnderwerpen net swak by. De feroaringen op dy trije terreinen binne ûnder mear in gefolch fan alderhande demografyske ûntwikkelingen.

It blanke part fan de befolking dat beart dy feroarings der net binne, wol de diversiteit net sjen, net liker as de tiid noch weromdraaid.

Fol sarkasme hellet de dichter út nei de boargerlike faders, foar wa’t inkeld it leanpûdsje en de oarloch telle, wylst der dreamd wurdt fan de glorieuze dagen fan in ienris machtige VOC, doe’t de ‘nederlandse wegen niets kenden van kleur of spijs en minaretten’.

kolonialisme

Nettsjinsteande alderlei politike ûnderwerpen is Bowen syn mearstimmige poëzy dochs hyperpersoanlik, al wie it mar fanwegen dy iene rigel yn it út fiif parten besteande gedicht mei de titel ‘.dean bowen’: ‘ik ben geboren, Dean Andrew Jake Bowen, uit gelaagde opmaak geboren’ (s.25).

De dichter syn komôf, ‘de gelaagde opmaak’, hat alles te krijen mei de koloniale skiednis fan Suriname, de slavernij, it omslepen mei minsken fan lân nei lân, fan Afrika nei oare kant de oseaan, oftewol de diaspora.

Skaaimerkjend datoangeande is de Bokman-rigel ‘ik ben van de gronden van Rotterdam en Paramaribo en Linden en Kaapstad / elke thuis is een schoot die een nieuwe mij baart’, dêr’t mei in knappe taalgrap yn ferwiisd wurdt nei Herman Gorter syn gedicht Mei.

Beknypt tusken ferskillende talen en kultueren siket en ûndersiket de dichter syn plak, syn taal, syn identiteit. Oan dy werklikheid jout er utering op in wize dy’t fitaal is, dreaun en bytiden ûnmeilydsume hurd bywannear’t er bygelyks de wolfeart fan it Westen spegelet oan dy fan it Afrikaanske kontinint:

‘Muzak is een vervaagde kanttekening in oud urban graffiti straatmarkeringen
De rancuneuze redenen van oud volk houden stand want waar is blues of jazz
Waarachtig is het late uur en het klikken fan stappen met dronken gezang
En taxi’s zwaar onder het gewicht van de welvaartsbuik en spiegel deze dan in
…………………………………………………………………………………………………………………….Afrika’


Bowen is fol sarkasme as er yn ‘ik zag het vale donker en razernij de stad verzwelgen…’ de perikelen fan de fiifde desimber op it aljemint bringt, in datum dy’t by him yn it perspektyf stiet fan sawol koloniale tiid, as de eangst foar ‘de donker huid’ fan de Oare.(…)

tanden scheuren het vlees van minderjarig bot
een nieuw ritueel van een eigentijds bohemien te jong seniel of
onzuiver van herinnering
korsakov en andere spirituele voldoening

grootvaders uurwerk tikt en wij schrijven de hyperbolische kronieken van het
mechaniek van het monster terwijl wij
met plastic aureool ons eigen evangelie prediken op naamloze fora

mijn donkere huid maakt mij boeman
is ……………………..niet…………….. boeman………………………. maar
angst en vijfdecemberperikelen

.
Dat soarte rigels tekenje, ymplisyt, de ôfkear fan it rasisme fan partijen as de PVV enForum voor Democratie, partijen dy’t mei in soad hakken yn it sân op nasjonalistyse en rjochts-populistyske wize de blanke top der duinen oerein besykje te hâlden.

Dejingen dy’t net fan harren soarte binne, ‘wenen (…) gereduceerd tot sigarattenrook en bierbuikobsceniteiten’.

spoken word

Wat yn Bokman telt, is foaral it ritme. Dat is ek in beskiedend elemint west hawwe doe’t de dichter, yn syn soarte in baas performer, in pear jier ferlyn de Van Dale Spoken Award foar syn poëzijfoardrachten krige. Syn wurk stiet fan datoangeande yn in sterk orale tradysje.

Saken as rym of einrym, ynterpunksje en haadletters komt men yn dizze poëzy net tsjin. Rigels wurde faak net ôfmakke, sinnen wurde bewust ûngrammatikaal holden, ferskillende talen rinne troch inoar of tûmelje oer inoar hinne.

Troch Bowen syn byldrike styl, mei lange breed útwaaierjende rigels en in foarm dy’t winliken gjin foarm wêze wol, krije rigels bytiden in laach mear, se kinne op ferskillende manieren ta begryp brocht wurde.

De gedichten bringe de poëzij fan de Beatdichters en de Vijftigers yn it sin. Yn it omtrint programmatyske ‘ik zag het vale donker en razernij de stad verzwelgen…’ wurde de dichters fan dy tiid ek eksplisyt neamd:

‘Campert Kouwenaar Vinkenoog Lucebert & Hugo Claus
…………….en meer
………………………zoveel meer (!!!)

De skiednis en de A7

Net allinne nei it spellen fan Bokman, ek nei it lêzen, begjin ferline fan De Geschiedenis van Suriname fan skriuwer, sjoernalist en Surinamist Hans Buddingh is der de wittenskip dat de koloniale skiednis fan Suriname in slim ûnderbeljochte part yn ús kultuer is, lit stean dat dy skiednis yn it ûnderwiis oait goed syn gerak krigen hat.

It lêzen fan Buddingh syn standertwurk oer Suriname soe, tegearre mei Michiel van Kempen syn Geschiedenis van de Surinaamske literatuur ferplichte kost wurde moatte foar de groep rjochts-nasjonalistyske demonstranten dy’t ferline simmer ferskine moast foar de mearfâldige keamer fan de rjochtbank yn Ljouwert.

It wie de groep, ûnderwilens better bekend as ‘de blokkearfriezen’ dy’t ein 2017 by de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum it ferkear op de A7 blokkearre,  yn in besykjen om de oar it rjocht te ûntnimmen om te demonstrearjen tsjin Swarte Pyt.

© Eeltsje Hettinga

Bokman,.Dean Bowen
Gedichten
Uitgeverij Jurgen Maas, 2018

.

 

paloeloe roept de ether aan

halfstok lichaam theater de ribbenkast draagt gordijnen waarachter al jouw
componenten gronding fingeren onaf omlijning geeft blauwdrukprocessen weer
die we expanderen om holten voor je echo’s in het detail te nestelen

paloeloe
is een hart oceanen over

zandzakkensentiment de dijken waar golven migranten zo weinig de zee
gelijken kapotslaags het kapitaal wie de marktwerking omarmt weet zijn plek in
de afvalverwerking te relativeren tot kostenpost geopolitiek en de handen langs
het scheerdraad

welzijnsbehoefte een on-europese vertaling van haar saeculum aureum
rouwrandtongen genoeg die meer dan burgervader betuigingen van aanzetten
tot nog maar tien jaar langer in de huizen waar het tapijt bevlekt we vieren

paloeloe
een maag uiteengevouwen

gewelddadig vandaag een onaanzienlijke toekomst vleesgeworden stilte die
geen schouders aangeboden om op aan te sluiten brandmerken als eeuwen
geleden wapenlichamen gehard baarmoeder melanine onuitwisbaar hoeveel en
hoever en hoelang nog te gaan

postmillenniale menners venten wolkenspiegels gescherfd die van kreupel
sociaal een biologisch verminken de nieuwspraak politiek maar waag niet jouw
autonomie weerkaatst dedain een traditie die grootmoeders van grootmoeders
bekopen met net genoeg tongval geleerd de laatste namen gedragen weten
welke gewassen en het land vanwaar

paloeloe
een geest gelost van boei

vereeuwigd in hoofdstadstraten ornament de leeuwen waaronder moeder groot
werd voordat zij indianen verkoos op haar papieren haar dochter de schreeuw
die net als enkelen meer mij de rug recht van balletles overgehouden

Nguyễn Nam Chi groot thuiskomen van een oorspronkelijke naam die onze
communale bodem fakkeldraagt Mia You water voor wortelschieten in nieuwe
bodem geleerd mi na yu Neusa Gomes aardmoeder opwaarts gekantelde
paloeloe en roepen de ether aan

Ut: Bokman, s. 42