Swij do, swij..! Ai Weiwei

Marble arm (tentoanstelling Fuck Off 2, Ai Weiwei) – Oan de baas en it fee

 foar Ai Weiwei – 

Swij do, swij, Ai Weiwei, swij! Sis ris, wa skonk dy it frij en
lit dyn heit, de oerheid, de bleate kont fan ‘e keunst sjen?

Wat bakte dy it rjocht en stek mei harpij, sloery en lods
in tsjokke middelfinger op nei wa’tsto mei al dyn keunsten

neamd hast dyn dwingelandij? Tink net, Wei, dyn wurd
seit Wierheid? Alles watsto sjen litst, is oars net as mishipte

dekadinte smearlapperij! Harkje ris, wy hawwe it Goede
mei dy foar! Mar wolsto net omlyk, ay, wy pakke dy op,

brekke dy alle bliksemse bonken! Of wolsto aanst in baan
as skjinmakker fan skythokken yn kampen op ‘e keale

flakten fan Mongoalje? Nee, swij do, swij, Ai Weiwei, swij!
Net hasto it rjocht en sis watsto tinkst, skriuwst en dochst!
.

©Wang-Hu
.

Foardracht fan Swij, do, swij

Sjoch ek:
Sjoch ek:

.