Ta oantinken fan W. B. Yeats – W.H. Auden
(† Jan. 1939)
I
Hy fertige yn it djipst fan winter:
De fivers wiene taferzen, de fleanfjilden praktysk útstoarn,
En snie fertekene de stânbylden;
It kwik sonk yn de mûle fan de stjerrende dei.
De wizers wiene ienriedich:
De dei fan syn dea wie dûnker en kâld.
Fier fan syn sykte
Fleagen wolven fierder d’ ivich griene bosken troch,
De boererivier liet him net lokje fan nijerwetske kaaien;
Troch roujende tongen
Waard de dea fan de dichter by syn fersen weikeard.
Mar foar him, it wie de lêste middei as himsels,
In middei fan susters en geroften;
De provinsjes fan syn liif akselen tsjin.
De pleinen fan syn geast wiene leech,
Stilte krong de foarstêden yn,
De stream fan syn gefoel stûke; hy waard syn bewûnderders.
No is er fersille tusken hûnderten stêden
En folslein oerlevere oan him net eigene ûntroeringen,
Om syn lok te finen yn in oar soarte fan bosk
En bestraft te wurden nei frjemde koaden fan konsjinsje,
De wurden fan in dea man
Sette har om yn ’t moarch fan de libbenen.
Mar yn de gewichtige drokte fan moarn de dei –
Want de makelders moartsje as bisten op de flier fan de Beurs,
En de earmen ha in lijen dêr’t hja al hast oan bewend binne,
En elk yn de sel fan himsels is hast oertsjûge fan syn frijdom –
Betinkt in foech tûzen man de dei fan hjoed
Sa’t men jin de dei betinkt as men wat dien hie wat net gewoan wie.
Alle wizers wiene ienriedich:
De dei fan syn dea wie dûnker en kâld.
II
Do wiest dwaas lykas ús; dyn jeft’ wie alles treast:
Karspel fan rike froulju, fysyk ferfal,
Dosels. Dûm Ierlân pinige dy ta dichtsjen.
En noch altyd is Ierlân like gek as wiet,
Want poëzy hellet neat net út: oerlibbet
Yn de dellingen fan har skepping dêr’t boekhâlders
Har nea mei ynlitte sille, streamt súd
Ut pleatsen fan isolemint en omstannich leed,
Rouwe stêden dêr’t wy yn leauwe en stjerre; oerlibbet,
In wize fan plakhawwen, in mûle.
III
Ierde, jou Yeats wat him past:
Bêdzje him as earegast.
Jou no rêst de Ierske bark
Dy’t syn fersen lege hat.
Yn de eangstdreamen fan nacht
Blaft in hûn oer Europa,
Alle fêstige naasjes
Wachtsje, beset fan haatsjen.
Yntellektueel trelit
Sprekt út elk minsklik antlit
En alle dearnis bewiist
Himsels lyk seeën fan iis.
Lûk, dichter, op eigen kracht
Nei de boaiem fan de nacht,
Lit ús diele it geniet
Fan dyn stim as frijheidsliet.
Siedzje dyn fersen op rym
Meitsje fan flokken wyn,
Sjong fan minskene gebrek,
Oant it leed dyn wille wekt.
Lit it hert syn woestine
In hieljende welle fine.
Lear ús hoe’t yn tiid syn tronk
In frij man ta tankjen komt.
W.H. Auden: ‘Art is our chief means of
breaking bread with the dead.’
Poëzy hat in soad famylje. By it yn memoriam dat de Russyske dichter Boris Ryzji yn 1996 foar syn ‘fadertje’ en kollega-dichter Joseph Brodsky (1940-1996) skreau – de tekst waard op dit blog ferfryske ûnder de titel ‘By de dea fan in dichter’ – skeat my Brodsky syn elegy ‘Verses on the Death of T. S. Eliot’ yn it sin.
It is in fers dat sjoen wurde kin as in broer fan it yn 1939 skreaune trijelûk ‘In memory of W.B. Yeats’ fan de Ingelsk-Amearikaanske dichter W.H. Auden (1907-1973), in treflik gedicht, klassyk ek, al wie it mar fanwegen dat iene statemint: ‘For poetry makes nothing happen’.
It Eliot-gedicht fan Brodsky dat fan 1965 datearret, kin net lêzen wurde sûnder Auden syn Yeats-gedicht. De oerienkomsten en ferbannen litte harren suver blyn riede.
De earste strofe fan Brodsky syn fers seit: ‘Hy stoar betiid yn it jier, jannewaris. / Froast, iistiid garjend, waard syn argivaris. / Yn de natuer seach er it bjusterbaarlik / corps de ballet as folslein ûngefaarlik. / (…) Op de krúswetters hold al in boomke iis. / Hy ferskoattele him de doar fan de tiid. //
Auden skreau yn syn yn memoriam foar Yeats: ‘Hy fertige yn it djipst fan winter: / De fivers wiene taferzen, de fleanfjilden praktysk útstoarn, / En snie fertekene de stânbylden; / It kwik sonk yn de mûle fan de stjerrende dei. /
Ek yn struktuer en opset giet de as trijelûk skreaune elegy moai lykop mei dat fan Auden. Benammen yn it tredde part fan beide gedichten rinne metrum en rymskema’s omtrint ien op ien. Auden dichtet: ‘Ierde, jou Yeats wat him past: / Bêdzje him as earegast. / Jou no rêst de Ierske bark / Dy’t syn fersen lege hat.’ //
Op syn bar set Brodsky dêr, mei in hân oan de pet foar Auden’s wurk dizze fjouwerrigel foaroer of better njonken: ‘Set, Apollo, dyn krâns ôf, / Lis dy del yn de roeiskou / Fan hear Eliot en fier / dyn ûnstjerlikens op ierd’.”
Yn de blomlêzing Wolken boppe E. & Rotterdams dagboek (2008) hat Boris Ryzji it net om ‘e nocht oer Brodsky as syn ‘learmaster’. De strak yn it metrumpak hyste rigels fan Brodsky lykje harren wjerlûd te hawwen yn it yn memoriam dat Ryzji foar syn fadertje en dichtersfoarst Brodsky skreau: ‘By in godswûnderlik fier ljocht / skôge ik de swarte djippe nacht. / Al dyn rigels haw ’k my oertocht. / Witst net hoe’t ik dy leave haw.’
‘corresponderend lezen’
Sa fiere de dichters harren famyljefeesten. En sa ropt by de lêzer it iene gedicht bytiden it oare gedicht op. Mei dat lêste is in foarm fan lêzen mank dy’t literatuerwittenskipper Odile Heynders ‘corresponderend lezen’ neamd hat, oftewol: wat bart der as twa of mear gedichten njonken inoar lein wurde of better, mei-inoar konfrontearre wurde?
By dy fraach giet it Heynders net inkeld mar om in werkennen fan oerienkomsten en ferbannen. Nee, se wol de kontekst breder en djipper hawwe, of sa’t se skriuwt: (…) ‘Er zou bovendien veel plaats ingeruimd dienen te worden voor lezen, analyseren, en betekenis geven. Niet vanuit de overtuiging dat we terug moeten naar een autonomistische kunstopvatting, maar vanuit de idee dat lezen van literatuur en beeldende kunst ook een close reading van cultuur, maatschappij en tijd in de brede zin van het woord omvat.’ (Sj. ek: De leugen op ‘e dyk, noat 2.)
Auden syn ‘In memory of W.B. Yeats’ is fierders in prachtige yllustraasje fan de útspraak yn syn esseeboek The Dyer’s hand: ‘Art is our chief means of breaking bread with the dead.’ It sizzen sels makke foar Joseph Brodsky it paad frij om dat brea te brekken mei T.S. Eliot, sa’t de Ierske dichter Seamus Heaney en Boris Ryzjy dat op harren bar wer dwaan soene mei Brodsky, doe’t dy op in strang winterske dei, ein jannewaris – it wie 1996 – hookstrooks te ferstjerren kaam yn syn appartemint yn New York, it gefolch fan ‘a stroke’.
‘You know the beat’
Mei in dikke, fette knypeach nei de metra fan W.H. Auden en Brodsky brocht Heaney – dichter ek fan it ferneamde fers ‘Digging’ – yn it lange, santjin strofen tellende gedicht ‘Audenesque’ (in memory of Joseph Brodsky)’ in salút oan syn kollega-dichters en foargongers: ‘Joseph, yes, you know the beat. / Wystan Auden’s metric feet / Marched to it, unstressed and stressed, / Laying William Yeats to rest.’
Poëzy hat, lykas sein, in soad famylje. As it om ‘de beat’ giet, binne der op grûn fan korrespondearjend lêzen ek alderlei oerienkomsten oan te wizen tusken de strakke metra en ritmen yn it wurk fan Joseph Brodsky en de hecht komponearre gedichten yn it lettere wurk fan Tsjêbbe Hettinga, de dichter dy’t him, ein jierren tachtich, begjin jierren njoggentich yntinsyf dwaande holden hat mei de poëzy fan de Russyske Amearikaan.
En dêrmei bin ik fia Boris Ryzji, Joseph Brodsky en Seamus Heaney werom by de boarnetekst fan W.H. Auden syn ‘In Memory of W.B. Yeats’. Mar Ryzji, oer wa’t de film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst in skitterjende dokumintêre makke – hat it fertrekpunt west fan alle hjir neamde ‘deadegedichten’.
.
In Memory of W.B. Yeats
(d. Jan. 1939)
I
He disappeared in the dead of winter:
The brooks were frozen, the airports almost deserted,
And snow disfigured the public statues;
The mercury sank in the mouth of the dying day.
What instruments we have agree
The day of his death was a dark cold day.
Far from his illness
The wolves ran on through the evergreen forests,
The peasant river was untempted by the fashionable quays;
By mourning tongues
The death of the poet was kept from his poems.
But for him it was his last afternoon as himself,
An afternoon of nurses and rumours;
The provinces of his body revolted,
The squares of his mind were empty,
Silence invaded the suburbs,
The current of his feeling failed; he became his admirers.
Now he is scattered among a hundred cities
And wholly given over to unfamiliar affections,
To find his happiness in another kind of wood
And be punished under a foreign code of conscience.
The words of a dead man
Are modified in the guts of the living.
But in the importance and noise of to-morrow
When the brokers are roaring like beasts on the floor of the Bourse,
And the poor have the sufferings to which they are fairly accustomed,
And each in the cell of himself is almost convinced of his freedom,
A few thousand will think of this day
As one thinks of a day when one did something slightly unusual.
What instruments we have agree
The day of his death was a dark cold day.
II
You were silly like us; your gift survived it all:
The parish of rich women, physical decay,
Yourself. Mad Ireland hurt you into poetry.
Now Ireland has her madness and her weather still,
For poetry makes nothing happen: it survives
In the valley of its making where executives
Would never want to tamper, flows on south
From ranches of isolation and the busy griefs,
Raw towns that we believe and die in; it survives,
A way of happening, a mouth.
III
Earth, receive an honoured guest:
William Yeats is laid to rest.
Let the Irish vessel lie
Emptied of its poetry.
In the nightmare of the dark
All the dogs of Europe bark,
And the living nations wait,
Each sequestered in its hate;
Intellectual disgrace
Stares from every human face,
And the seas of pity lie
Locked and frozen in each eye.
Follow, poet, follow right
To the bottom of the night,
With your unconstraining voice
Still persuade us to rejoice;
With the farming of a verse
Make a vineyard of the curse,
Sing of human unsuccess
In a rapture of distress;
In the deserts of the heart
Let the healing fountain start,
In the prison of his days
Teach the free man how to praise.
.
.