Ut de neilittenskip fan Li Su-Song (1)
(08-07) Ti Su-Song gong te boartsjen mei Li-Su Sa
發現兄弟
Ti Su-Song gong te boartsjen mei Li-Su Sa,
se ferven inoar de gesichten swart,
spatten allyk hazzen troch de simmernacht,
dronken hetsich de ferskes fan it ljocht,
kamen yn de lytse dea ta de evennacht.
Li-Su Sa gong te boartsjen mei Ti Su-Song,
leidich fan lea de hege stêden troch,
bestiene it seizoen as loft- en bûtensprong.
songen fan papaver en skrot en lok,
betsjoend fan de nulle oant yn it lette ljocht.
Liven langer rampenearre, glied harren
ûnder de lidden in swarte sinne.
Der wie net te kearen in ferlangen en kom
te stjerren as ienris yn de lytse dea.
Te boartsjen gongen Li-Su Sa en Ti Su-Song.
..
©EH
- r. 9 skrot – slang voor heroïne
- r. 7 bestiene – belichaamden,
- r. 11 rampenearre – vernield, verwoest
.
Sjoch ek:
- Ut de neilittenskip fan Li Su-Song, dochter fan Hu
- Ti Su-Song gong te boartsjen mei Li-Su Sā (1)
- Swij, do, swij, Ai Weiwei (2)
- Ut de neilittenskip fan Li Su-Song
- De floed, Ik haw se sjoen, Li Su Sā… (3)
- Blank stiene de hôven (4)
- Der is in koarts ûnderhûds libben (5))
- It fearhûs (6)
- As ik dy sjoch, fearjendewei
-